Lânferhuzersskrift
Doe’t se fuortgiene, wiene se spoarsikers
fan dreamen, flechters út sepiakleurige
foto’s fan folle kaaien, oseaanstreamers
as útstalkasten fan dan al dizenige
hollen en hannen, reiden dy’t weauwen fan
in ûnbekende wyn. Tsjokke kluten ierde
klibben oan de tepte woartels, dy’t
sochten yn it ljocht fan oare tiden om
hâldfêst yn nije grûn, wetter fan wolken
dêr’t se de smaak net fan koene, hjitte fan
in sinne dy’t se harren mylder tochten.
Mei it tyljen fan ’e jierren waard fûn
wat se sochten, oant it âlde lân
net mear wie as in tins, in brailleskrift
om mei de fingers fan it fielen te belêzen.
Landverhuizersschrift
Toen ze weggingen, waren het spoorzoekers
van dromen, gevlucht uit sepiakleurige
foto’s van volle kaden, oceaanstomers
als vitrines van toen al onscherpe
hoofden en handen, riet dat wiegt op
een onbekende wind. Dikke kluiten aarde
plakken aan losgetrokken wortels, die
zochten in het licht van andere tijden om
houvast in nieuwe grond, water van wolken
waar ze de smaak niet van kenden, hitte van
een zon die ze zich milder dachten.
Met het wassen der jaren werd gevonden
wat ze zochten, tot het oude land
niet meer was dan een gedachte, een brailleschrift
te betasten met vingers van gevoel.
Vertaling: Ernst Bruinsma
An emigrant’s writing
When they left, they were tracking
their dreams, refugees out of sepia coloured
photos from crowded docks, ocean steamers
as cabinets showing already blurred
heads and hands, like reed waving in
an unfamiliar wind. Large mud sludge
clinging to extracted roots, searching
for a hold in new soil, water from clouds
with an unknown taste, heat from
a hotter than imagined sun.
With the passing of the years they found
what they searched, till lands of old
were just in mind, like braille
read with sentimental fingers.
Translation: Sue Smeding en Albertina Soepboer
Schrijf je in voor onze nieuwsbrief en blijft altijd op de hoogte van het laatste nieuws over de Bildtse Aardappelweken.
Extra voorstelling op woensdag 5 juli.
6, 7 en 8 juli zijn uitverkocht.
Vol = vol!