Zen en soks optsjinne op in bedsje fan klaai
Sêft lei it der te wêzen
sichtber en dan – by floed – wer net
en sûnt heugenis yn in ritme
it seach elke stap fan de slykwurkers troch de fingers
elk spoar fan de kokkelfisker wer oanstrike
oant wer neat en op ’e nij
it krige de namme binnendyks op in dei
in seedyk as sitstôk
en wat sêft wie waard swier sa swier
dat it fielt of liket de tiid ôf te bûgjen
earst stikje foar stikje yn klútsjes stilfalt
op steile stokstive rêgen opdroeget
om as waaipoeier oer de flakte fuort te waaien
der is gjin klok mear gjin oerwurk
wol romte foar de goaden
tiid soe gjin begjin en ein hawwe kinne
sa woe de âlde Gryk it ha
mar dat lêste liket hjir ûnfertocht al wol te slagjen
sa ûnopfallend as in damtoernoai yn Froubuurt
fertraget hja stadich as oan ’e trekline
om úteinlik… (en azemje rêstich út)