Op ’e knibbels

Op ’e knibbels is it in woastyn allyk;
wrede klaai mei ’t bleate each net te
oersjen – mei beide hannen wrottend
yn ’e grûn, efter de trekker oan dy’t
resolút de rêgen omsmiet.

Op ’e knibbels fielst it hurde lân,
sinnebrân en ’t aloan bliksemjen,
de storein dêr’t gjin ein oan kaam,
withoe stadich kroep it nei de jûn,
ús hoeden moetsjen by de daam.

Op ’e knibbels ûnder steapelwolken
sjongt it fjild fol ljurk en skries,
wer werom op platte simmerweinen
sjonge fammen fan it hazzeboartsjen,
sitt’ we heech op ús kretfol fruchten.

Op ’e knibbels wiene wy de fluchsten
– fereale en gleonhastich skûljend
foar it kommend ûnwaar –
ierappelmoude yn ’e klean, yn ’t hier,
hannen wrottend yn ’e grûn moarnsier.

 

On your knees

On your knees the land is almost a desert;
ruthless clay not seen with the naked eye
– with both hands burrowing
in the ground behind the tractor
resolute ploughing the ridges.

On your knees you feel the hard land,
burning sun and constant rays,
the drizzle where there comes no end,
slowly creaping towards evening,
we cautiously meet at the dam.

On your knees under cumulus clouds
the fields sing with larks and godwits,
returning on summer carts
girls are singing about playing tag,
we sit high on the crates of our harvest.

On our knees we were the fastest
– in love and scurring for shelter
from the immenent storm –
potato dust in our clothes, in our hair,
early morning hands burrowing in the earth.

Translation: Albertina Soepboer & Sue Smeding

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd.