POETRY

Dweile Hel

 

ik bin in bern

út fjouwer pleatsen

mei de konten neiinoar

dêr’t it doarp mei begjint

 

dan de doarpsstrjitte

dat al oarloch is

mar dat moatst leare

as bern

 

bûtenút de âld seedyk

is in grime

útfal nei de iuwen

 

yn de delling fan de dyk

graaft it bern

in stelling út

foar de frede

 

wêrom net

yn de fuorgen

fan it moargen Reade Robinia’s

 

of dêr’t buorman

syn giele kûgels

sprute lit

 

turvjend de haadline fan syn wurk

makket it him neat út

 

dy dweile hel

kin allinnich djoere wite reek

komme