POETRY

Wolfeartsteat

 

As ik oan iten sit te tinken

dan priuw ik bôleguod mei skinke,

as ik oer iten sit te skriuwen

tink ik oan roggebrea mei greauwen,

oan brune beane mei bretspek

oan nije jirpels tink ik ek

oan rikke iel en oan tusearte

oan pankoeken en griene earte;

bananen, sipels, rou of sean,

ik sjoch it sa wol foar my stean.

 

Mar as ik toarst en honger sis

dan wit ik net wat as dat is.