Sigrid Kingma

Yn de sâlte wyn

 

Yn de haven

priuw ik de wasem út de pannen

Biltstar is de bêste

seit ús heit mei de leppel sâlt

 

En wat wol ik trochjaan

oan in nije generaasje?

Memme apen leare har bern

dat ierpels better smeitsje

ast se waskest yn seewetter

 

Yn myn fantasij

spiel ik radizen

woartels en ierdbeien

yn in ferkalke tonne

mei reinwetter

No gjin swiete dreamen

om my hinne dy stikkenseane

moalige rook fan realiteit

 

De oare harsenhelte leit as braaklân

set de holle yn de pikel

kroprotaasje it nije

tinken oer opgong

 

Mar lytse wite blomkes

groeie my út de earen

Axomama

Extra voorstelling op woensdag 5 juli. 

6, 7 en 8 juli zijn uitverkocht.

Vol = vol!