POETRY

Jirpels

 

Us mem is gek op pasta,

ús heit hat leaver rys,

myn broer bestelt in pizza

ús pake fynt soks fiis.

Syn wrâld bestiet út jirpels

dêr draait it om by him,

syn jirpelskilersmeske

skylt tinner noch as tin.

Op moandei yt er it Borgers

op tiisdei Reade Star

op woansdei Opperdoezen

op tongersdei Doré’s

op freed dan binne it Bildtstar

op sneon de Nicola’s

op snein skylt hy Irenes

en beppe seit :

Hawar!

In ierpel of in jirpel

der is gjin dei gelyk,

do bliuwst myn Eigenheimer

fol fleur en dynamyk!